ik wist net wat dêr barde
ik wist net wat 't my oerkaam
ik wist net at ik dat wol woe
ik woe fan alles sizze
ik woe fan alles dwaan;
mar ik wist net wêr te begjinnen
ik wist net at it wol koe
ik woe fan alles sizze
ik woe fan alles dwaan;
doe haw ik my mar omdraait
en haw ik swijt
ik woe fan alles rase
ik woe fan alles sjen;
dochs
ik wist net wat dêr barde
ik wist net wat my oerkaam
ik koe sa gau net betinke
as dit wol wie wat ik woe