misskien
is it net dy
mar bisto de doar
tusken my en alles
dat 't ik net sjen wol
misskien
dochsto dêr net ta
en fiel ik neat
foar dy
misskien
giet it net om dy
mar haw ik dy delsetten,
dêr wêr't ik neat
noch sjen wol
misskien
bisto net foar my
en kin ik neat
mei dy
dochs
sjuch ik dy, fiel ik dy
yn alles fan myn wrâld