ik wit net hoe't ik dit gelok hân ha
en ik begryp net hoe't it kin
ik wit net wêrom't dyn geduld net oprekket
as it liket datst' neat mei my kinst
ik wit net wêrom ast' foar my soargje wolst,
at ik it sêls net kin
ik wit allinich
dat ik fernúverd stean te sjen
tankbêr mar bang
en ik hâld fan dy
safolle as ik kin