sa woe ik
altyd mar witte
en hielendal begripe
wat at it is
sa besocht ik
altyd mar te sykjen
in útlis te fynnen
fan wêrom dit sa fielt
sa tocht ik
alles yn te sjen
at ik de analyse mar hawwe soe
fan hoe'sto bist
dochs
no wit ik,
it is
omdasto it bist
(en ik, my dêr net tsjin fersette kin)