misskien
hie ik it wol ris sein:
ik mei dy graach
misskien ek
dast' it allang wol sjuchst:
ik bin wiis mei dy
as oars
hie ik it dy ferteld,
at de wurden it fertelle kinne:
ik ha dy leaf
want ik besykje te sizzen,
ik besykje it hielendal te sizzen
ik wol dy wat sizze
wêrfoar't de wurden op brûkt binne